Wienen we der ferline jier om dizze tiid noch wis fan dat we de Famyljesaak spulje soenen, it kaam allegearre doch oars. Dit machtige stik mei in hiel soad spilers wie net maklik te besetten. Dat dat úteinlik wol slagge joech ús moed. Laas hie bygelyks wol nocht oan syn rol fan 5 Italiaanske bruorren, mar ja, in ûnder- en boppeferdjipping realisearje b ús op toaniel? Mirjam hat fan Gert Jan v.d. Kamp noch om rie frege, mar ek tegearre kamen se der net út. Mei oare wurden: der moast hoaters en toaters in nij stik komme. No like Liolà ús ek wol wat, mar Mirjam hie sels noch in klucht fan Gert Jan krigen, de Breidssuite, dy’t goed te dwaan wei op ús lokaasje. Úteinlik hawwe wy der foar keazen, wat wol betsjutte dat guon minsken wer ôfsein wurde moasten der oaren wer frege. Dat joech wol wat male gesichten, mar goed, der koenen wy ek neat oan dwaan.
Foar dizze klucht is it hiele toaniel omboud yn in hotelsuite, mei balkon e n in gong kompleet mei echte lift! Der binne noch praktikabels fan Tryater brûkt om it spylplak te fergrutsjen. It hat in heidens karwei west om it foar inoar te krijen en fansels tinke wy dan oan de bouploech: Folkert Faber, Andries Sinnema en Hendrik de Kroon. Ek Reintsje Boomstra hat in bealch fol wurk hân, lokkich genôch holpen troch Tjik Flameling, ús manusje fan alles. Se hat in pracht fan in hotelsuite realisearre mei alles derop en deroan. Ek net te ferjitten de mangnifieke harp fan Druk Elgersma. De spilers wienen: Anne Kingma, Willemke Hofman, Anne Marie Landman, Saakje van Dijk, Carolien van Dijk, Folkert Faber, Margriet v.d. Molen, Kees Aartsma en Rin Huizenga. Rin en Willemke debutearjen. Ynstekster wie Jikke Visser, Laas die ljocht en technyk en Mirjam die it lûd. Schmink waard fersoarge troch Hendrika Posthuma en Hilda Kuiken. Mirjam van Baarsen wie fansels ús regisseur. Tjeerd Tijsma soarge foar in moaie kleurenposter en de kaartsjes wienen dit jier foar it earst te keap by M&M. It stik wie in grut sukses. De lift soarge in soad oh’s en ah’s út it publyk en de spilers lieten de minsken goed gnize. It bêd spile in sintrale rol yn dit stik, liuw’k, want der lei gau ris ien yn (of ûnder). Der wienen ek lytse rollen weilein foar in boltsje jern, in cellopûde en in pear golf-sticks. Yn ‘e pauze binne der wer teaterbonnen ferlotte. De muzyk wie fersoarge troch Sjaak v.d. Reijden (earste jûn) en Jan Bakker.

Op 2 maart hat de ploech fuort west te spyljen nei Seisbierrum. Ek in hiel slagge foarstelling. Der wie ek noch in mooglikheid te spyljen yn Skingen op 25 maaie, mar dat wie doch echt te let yn it jier.

Op 20 april hie it korps har jubileum (70 jier) en der fanwegen mochten wy de boel wat opfleurje mei ús gekkichheid. Mei acht persoanen fan Demosthenes yn in swellesturt troch it doarp om de minsken op te tommeljen. Yn de pauzes fungearden de acht as dweilorkest kompleet mei wetter en konfetty en Rin as knappe rapper. Dat naaide der út want ek de manlju wienen ferklaaid as wurksters.
Fanôf febrewaris stiet Wietze Landman yn ús bestjoer al op non-aktyf. Hy moast der efkes tusken út. Lokkigernôch is er net alhiel opstapt as bestjoerslid en wy hoopje dan ek dat er yn de rin fan de tiid syn taak as sekretaris wer op him nimme wol. Yn de tuskentiid haat Tjeerd Tijsma it sekretariaat.
Om ‘t wy takommen jier ús jubileum hawwe, is der in feestkommisje dwaande mei de foarberiedings. Hjir sitte yn: Hinke Blanksma, Anne Kingma en Saakje van Dijk. Fan it bestjoer is dat Tjeerd Tijsma. Gryt Riemersma en Jikke Visser binne, mei help fan Rike Bonnema, dwaande in list te meitsjen fan âld-leden om harren útnoegje te kinnen op ús feest, dat as ien noch suggestjes hat…
Begjin maaie presintearre Mint de Hoop har ôfstudear projekt as regisseur. Mei ‘De dea en it famke’ hie sy it harsels net maklik makke, mar se is dêr yn slagge in hiel boeiende en yndringen foarstelling fan te meitsjen. Wike Brouwer spile der yn mei, wat foar ús ek wol wer bysûnder wie fansels. TV-Fryslân hat in petear mei Mint hân en der wienen stikjes te sjen fan de repetysje. Hiel nijsgjirrich progamma. Fansels hat it bestjoer har út namme fan Demosthenes lokwinske mei in blomke.
Yn de selde tiid stie ús feriening yn ‘e Ljouwerter Krante yn de rubryk LC250. Willemke, Carolien en de bouploech wienen mei-inoar 250 jier en dat levere in moai plaatsje op.
Ûndertusken wie de lêskommisje, besteande út Jikke Visser, Gerda v.d. Kooi, Hendrik de Kroon en Andrea v.d. Reijden alwer drok oan it lêzen. Mear as 16 stikken hawwe sy trochnommen (sommige stikken kamen net fierder as 1 lêzer). Wy sochten in bysûnder en feestlik stik. Wat it úteinlik wurden is, wurdt krekt foar de jiergearkomste beslúten.
In oar punt wat in ôfrûne jier foar de noadige pineholle soarge hat is de ferbouwein fan De Posthoorn. Oan ‘t koart lyn hawwe wy der net wis fan west dat we takomme jier de seal wol brûke kinnen en dat is net handich foar de planning fan it jubileumjier, is ‘t net sa? In posityf punt is dat wy achter ferskate subsydzjes oan binne, sadat we de kas fan te foaren sa fol mooglik ha.

No, dat wie it sawat, op nei it jubileum, wy hawwe der wol nocht oan.

Út namme fan ús skriuwer: Andrea van der Reijden