It like in drok jier te wurden, der wie ommers in jubileum te fieren. Op de lêste jiergearkomste fan de feriening wie der in jubileumkommisje yn it libben roppen. Dizze bestie út: Tjeerd Tijsma út namme fan it bestjoer, Anne Kingma, Saakje fan Dyk en Hinke Blanksma. Binnen it bestjoer wie der besletten dat de jubileum aktiviteiten tagelyk mei de jierlikse útfieringen yn desimber holden wurde soenen. De jubileumkommisje soe foar de earste kear byinoar komme nei de skoallefakânsjes. Úteinlik is der besletten om de útfieringen te hâlden op sneon 14 desimber, sneon 21 desimber en snein 22 desimber. De spesjale jûn foar STT kaam te ferfallen. Sy hiene sels oanjûn dat sy it einliks wol oer gean litte woenen, mar kommunisearene dit hiel ûngelokkich yn “De Gearfetter” sa dat it troch in hiel protte minsken wat ferkeard begrepen is. Wy hiene tasein, dat de âlderein wolkom wie op de sneintemiddeis en dat der foar minne rinners wol auto’s beskikber wêze soenen. Der is letter gebrûk fan makke troch fiif minsken. Tjik Flameling en Ans Tijsma wienen de sjauffeurs. Op sneon 14 desimber soe der in resepsje foar leden en âld leden wêze.

Foardat it oan it toanielspyljen ta wie, moast der noch al wat barre. Wat wie it gefal? De boppeseal fan “De Posthoorn” foldie net oan de easken fan brânfeiligens. Ut namme fan it bestjoer hawwe Lochnaar en Tjeerd ferskate kearen kontakt hân mei Sytze Walstra. Dizze wie ôfhinklik fan de eigner fan it gebou Klaas van Wieren. Fan him waard mar niks fernommen, sadat by eintsjebeslút mar oan Sytze foarsteld waard, dat as hy it materiaal betelje woe, wy de mannen leverje soenen. Dit wie Sytze bêst genôch. Ús bouploech waar frege en seine fuortendaliks ta om dit grutte karwei te klearjen. Mei help fan Durk Elsma hawwe Andries Sinnema, Folkert Faber en Hendrik de Kroon in geweldige prestaasje levere en yn in tiidsbestek fan inkele wiken it poadium fan de iene nei de oare kant ferpleatst. It measte hout koe wer brûkt wurde, mar der moast fansels al wat nij by. Sy binne hjirfoar tidens de resepsje yn it sintsje setten, mar dêroer straks mear.

De lêskommisjes hie ferskate stikken lêzen, mar der wie einliks net in stik by wat moai paste by in jubileum en derom waard úteinlik keazen foar in stik wat ferline jier ek al lêzen wie, nammentlik “Liolà”. It wie wol wat sneu foar de lêskommisje, mar har oardielen wurde fansels net wei en sille yn de takomst fêst fan pas komme. It stik “Liolà” spilet op it Italiaanske plattelân. Omke Simone hie gjin bern en troude dêrom mei in folle jongere frou. Dizze is preuts, sadat der noch gjin bern komme. Ek op it Italiaanske plattelân groeie bern nammentlik net oan de beammen. Liolà, in frijbûter, wist wol rie mei de froulju en it duorret dan ek net sa lang as der binne twa fan him swier. Allegearre ferwikkelingen fansels, sa as je dat wol went binne yn in toanielstik.

Op sneon 14 desimber is de resepsje. Gryt Riemersma, Rike Bonnema en Jikke Visser binnen hiel wat oerkes warber west mei it útsykjen fan adressen fan de âld leden. Der binne sa’n 135 útnoegingen ferstjoerd. Op de resepsje kamen sa’n 80 minsken. Der wienen spitigernôch ek ferskate minsken thús bleaun fanwege de glêde diken. Op dizze resepsje waard it bestjoer besteande út Andrea van der Reijden, Tjik Flameling, Lochnaar Kingma, Wietze Landman en Tjeerd Tijsma lokwinske mei it jubileum. Ferskate slúfkes mei ynhâld en blommen binne yn ûntfangst nommen. De lieding fan de resepsje lei yn hannen fan seremoniemaster Kees Aartsma, dy ‘t de boel oaninoar prate, wat oer de skiednis fertelde en ek noch in prachtich sketske die mei Gryt Riemersma, Folkert Faber, Niels Gaastra en Dukkie Sinnema. De betsjinning wie yn hannen fan twa sportive froulju, dy ‘t neist it betsjinjen ek noch mei dienen oan de koartebaan wedstriden op de iisbaan. In pear moaie rollen fan Carolien van Dijk en Gerda fan der Kooij, dy’t, doe ‘t sy yn aardich koarte rokjes harren klanten bestjinnen, by mannich mannelik lid de kleuren op de wangen tsjoenden. Foar de tiid hie it bestjoer by Sytze Walstra west om ien en oar troch te praten en it mei wol efkes sein wurde dat dizze him fan syn bêste kant sjen litten hat. Wy mochten in hiele soart dingen sels fersoargje wat de kosten stevich drukt hat. De oranjekoeke waard oanbean troch bakker Van der Woude, ek in geweldich gebaar. De seal wie hiel moai oanklaaid troch Dukkie Sinnema en Tjik Flameling. Mei help fan Rie de Kroon bij it meitsjen fan de blomstikken. Prachtige blomstikken en dekorative faaskes op de tafels. Ek wie der in fototentoanstelling, gearstald troch Tjik, mei help fan Wietze. De foto’s leinen yn prachtige fitrines, beskikber steld troch it FLMD. Mei help fan Rike Bonnema. Al mei al is de resepsje tige slagge. Hjirby noch in wurd fan dank oan de jubileumkommisje. Dizze wie ek al fan gearstalling feroare, want omdat Anne spylje moast, hawwe Kees Aartsma en Folkert Faber syn taken oernommen. Ek waarden op dizze resepsje de trije leden fan ús bouploech yn it sintsje setten. Sy krigen fan Andrea, neidat sy in prachtich ferhaal op rym foardroegen hie, in grutte medalje en in kuorke mei foaral Italiaanske produkten, hoe koe ‘t ek oars.

Yn ‘e oanrin nei de útfieringen waard al gau dúdlik, dat de kaarten fuortfleagen, dus in ekstra foarstelling op sneon 28 desimber. Foar alle jûnen wie der muzyk regele, Johan en Johnny út Hurdegaryp en dit wie in hiel grut sukses. Der bleaen hiel wat minsken boppe sitten omdat it dêr hast geselliger wie as ûnder. Takommend jier mar wer freechje!

By de generale repetysje wiene de bern fan de heechste groepen fan de basis – skoallen fan Dronryp útnoege. Der kamen sa’n fyftjin op ta en sy reagearden prachtich op it stik.

De jûns waard it stik foar de earste kear opfiert. Foar it stik wiene der prachtige lieten makke en op muzyk set troch Rin Huizenga en Kees Aartsma, sadat de spilers neist it aktearjen ek noch sjonge moasten, mar dat gong harren tige bêst ôf. Yn it stik spylje in protte leden mei, fan jong oant âld. Der wie foar dit stik in berop dien op tal fan jonge talinten. Sa waarden de pjutten fan Liolà spile troch Jos Barkman, Sander Kingma en Geert Huizenga. De trije boerefamkes waarden spile troch Trees Kuiken, Heleen Hanja en Reina Wouda. Fan de folwûksene leden spilen mei: Anne Kingma as Liolà, dizze hie de rol op de helte fan de repetysjes oernommen, om ‘t der in oar lid ôfheakje moast en Anne hat derom in hast noch gruttere prestaasje levere as wa dan ek, Lochnaar Kingma as omke Simone, Saakje van Dijk as de mem fan Liolà, muoike Ninfa, Anna Marie Huizenga-Bruinsma as muoike Groce, Andrea van der Reijden as har dochter Tuzza, Hinke Blanksma-Eringa as Mita, de jonge frou fan omke Simone, Anne Marie Landman-Oomen as Carmina en Margriet van der Molen as Gesa. Alles ûnder de besilende lieding fan Mirjam van Baarsen. It dekor wie fansels wer prachtich yn oarder makke troch de bouploech, de omballingen ha der in Italiaansk plaatsje fan makke. Prachtige attributen soargen fan in protte sfear op it poadium. Reintsje Boomstra en Gerda van der Kooij hawwe it der tige drok mei hân, mar hienen wol eare fan harren wurk. Jikke Visser-Huizinga wie de ynstekster. Hilda Kuiken en Dukkie Sinnema dienen de smynk. It ljocht en it lûd waard dien troch Edward van der Meer. Ús fêste ljochtman Laas Kuiken hie oanjûn dat hy, om ‘t syn wurk dit net taliet, dit jier graach oerslaan woe. Doe moasten we op syk nei in ferfanger en doe ‘t wy Edward fregen, lid fan ús susterferiening “Hâld Moed”, sei hy fuortendaliks ja. Dat wy der bliid om wienen is wol te begripen.

De blommen foar de spilers nei ôfrin fan it stik waarden oanbean troch Boubedriuw Boorsma, Fixet, Jentsje Meintema en Sytze Walstra.

Yn jannewaris is de hiele ploech mei it bestjoer út iten west by pizzaria “Toscanini” yn Frjentsjer. It wie tige gesellich en Mirjam krige fan Anna Marie Huizenga (út namme fan de hiele ploech) in fotoboek mei foto’s fan repetysjes en útfieringen fan it stik Liola

Ýn jannewaris hawwe wy Mirjam frege as sy ek dit jier de rezjy op har nimme wol en sy hat tasein dit te dwaan. Sy wie noch net útsjoen op Dronryp sei sy. De stikken dy ‘t dit foarjier troch de lêskommisje lêzen binnen hjitte: Oan ‘t nei de fakânsje, In doaze fol krûmels, Tramweibegearte en De Finale. Hokker as it wurden is komt yn it jierferslach fan takommend jier.

Oant safier it jierferslach fan it seizoen 2002-2003. In tige drok jier en as it bestjoer dat alles mei syn fjouweren regelje moatten hie – Wietze Landman moast troch sykte oan it begjin fan it seizoen al ôfheakje – net sa’n protte help hân hie fan tal fan leden, hie it fêst net sa’n slagge jier wurden. Nei de opfiering fan it jubileumstik koe ek Andrea har troch har siikwêzen net mear foar 100% ynsette. It wie drok, mar as je werom sjogge op it jier, hat it de muoite wurdich west.