Dit jier moasten we in nije regisseur sykje. Nei wat hinne en wer beljen komme we bij Monte Huizinga út Mantgum telâne. Der komt in petear en sa wurde wy it iens: it kin wol wurde. Monte hat ús al ris earder regissearre en hat der tige sin yn. It wurde dit jier 2 ienakters. De lêskommisje komt er net hielendal goed út, mar by eintsjebeslút komme we op 2 stikken út. “De Stille besoarger”, in serieus stik en “Jubileum” in klucht. Monte sjocht it hielendal sitten
Yn juny krije wy ús jierlikse iepenloftspul, dit kear “Don Juan”. De folgjende spilers dogge mei: Anne, Lochnaar, Gerda, Niels en Michel. It wurd in hiele slagge stik mei moaie klean en prachtige oanklaaiïng. Folkert foar it lêst yn syn catering.
We gean efter nije minsken oan foar de omballings. Margriet Zijlstra, Ellen Schaafsma en Afke van der Heide wurde ús nije helpen op en efter it poadium. Bêst genôch!
We freegje Wietze Landman om foto ’s te meitsjen bij de generale. Hy wol dit wol dwaan.
Dan krije wy ús eigen stikken: Dit jier hiene wy 2 ienakters op it programma stean. It iene hiel serieus:”De stille besoarger” en it oare júst in klucht:”Jubileum”
De stille besoarger waard spile troch Lochnaar Kingma en Niels Gaastra.
Yn in romte sitte de twa manlju te wachtsjen. De iene leit op bêd en besiket de krante te lêzen, wylst de oare ûnwennich hin en wer keutelt om’t er tee sette wol, mar him hieltiid oare tinzen yn’ e kop sjitte. De man op bêd, Ben, spile troch Lochnaar, fynt al dat freegjen tige ferfelend: syn maat Gus, spile troch Niels, moat de kop derby hâlde, want se hawwe aanst ‘in put’ te dwaan. Stadichoan begrypt de taskôger dat we te krijen hawwe mei twa hiermoardners dy’t wachtsje op in nije opdracht. De krekte omstannichheden wurden lykwols net dúdlik. As der fia in lytse frachtlift it iene nei it oare ûnmooglike fersyk om iten komt. Tinke de manlju dat se oan dy fersiken foldwaan moatte, mar witte net hoe. Dan komt yn it lêst DE opdracht op in briefke. De twa kontrolearje harren revolvers. Gus wol noch efkes nei it hûske, mar in tel letter is hy it dy, ferdwaasd en sûnder revolver, troch de doar komt, dêr wêr’t Ben it slachtoffer ferwachtet…
It stik Jubileum wol de spanning oanjaan op in repetysje fan in (berops)toanielploech tsjin ‘e tiid fan ‘e útfiering. Gemis oan rolfêstens fan de spilers (Betty Rinsma, Carolien van Dyk, Sytske Faber, Klaas van der Haring, Kees Aartsma, Wim Braaksma, Oege Palma, Anne Kingma) fersteurt de sfear omraak en de ynstekker, spile troch Tseard Tysma, hat der oan om de boel yn ‘e stokken te hâlden. De man fan it ljocht, spile troch Laas Kuiken, en de man fan it lûd, spile troch Michel van der Geest, binne ek al net hiel by de pinken. De ynstekker is der oplêst glêd mei oan en rekket omtrint oer syn toeren as de regisseur, spile troch Rin Huizenga, him ferwyt dat er de holle der net by hat. Op dat stuit is it him oer en stjit er der út dat er krekt hjoed 25 jier ‘yn ‘e bak’ sitten hat.
Monte Huizinga hat er syn bêst foar dien om der dit jier 2 moaie stikken fan te meitsjen. Hjir is hy goed yn slagge. De minsken wiene foar it skoft tige ynteressearre yn it ferhaal, en nei it skoft gong it publyk hearlik mei yn de sfear fan de klucht.
Ek de froulju fan de omballingen hawwe dien wat der fan har ferwachte waard. It ljocht en lûd is yn hannen fan Mark Niehof en Michel van der Geest. De smink waard dien troch Lysbert. It dekor is dit jier bout troch Durk Elsma mei help fan Lochnaar kingma. By it stik “Jubileum” ha wy in rein masine brûkt dy makke is troch klusbedriuw Kooistra. Tige tank.
Ik bin oan it ein kommen fan it jierferslach.
It bestjoer docht syn bêst, yn goed gearwurkjen mei de Posthoarn en foaral motivearre spilers. Allegear wichtige dingen dy’t wij nedich binne om ek folgjend jier der wer in slagge jier fan te meitsjen. Sukses!!!