We hawwe wer in slagge jier efter de rêch. Hjir in ferslach dêrfan:

Monte Huizinga is dit jier wer ús regisseur west. Dit wie wol foar earst it lêste jier. It wurdt dit jier in jûn foljend stik. We gean in goede freon en kollega spyljen fan Ton Elstgeest. Monte sjocht dit wol sitten en we hawwe in motivearre spilers groep.

Yn juny krije wy ús jierlikse iepenloftspul, dit kear “Om it lêste plak”. De folgjende spilers dogge mei: Wim Braaksma, Rin Huizenga en Oege Lolke Palma It wurd in hiele slagge stik mei moaie klean en prachtige oanklaaiïng. It wie in stik wêrby oeral wol wat barde.

Anne Kingma hat dit jier de rezjy dien yn Wier. Hjir hat hy al ris earder west. Lochnaar Kingma hat dit jier de rezjy dien yn Ferwert. Niels Gaastra hat mei him mei west foar it ynstekken en as rezjy-assistint. Se hawwe dêr it stik “Spitsoere op ‘e Oerloop” spile.

Dan krije wy ús eigen stik: Dit jier hienen wy in jûn foljend stik op it programma stean. It stik hiet fan: “In goede freon en kollega” It stik is skreaun troch Ton Elstgeest. It is in echte klucht wêrby de spilers de doarren plat rinne en sel syn de kast út komme. Theo Kuijer komt thús fan in personielsfeest. Hy is moai oansketten. Kollega Joris bringt him thús. Hy hat wat tefolle oandacht bestege oan de frou fan de baas. Efkes letter komt sy ek delsetten. Se doart net nei hûs. Bang dat har man wat troch hat. Fansels komt dy ek nei Theo en sadwaande bedarje Wilma en Joris yn de kast. At Theo him der mei in smoes útwurke hat komt Trudy – sy is deabenaud foar har man en flechtet dêrom nei Theo. Se kriget ûnderdak, mar ek har man komt en dizze mept Theo ynmekoar. Wylst sitte Wilma en Joris noch yn ‘e kast. Ensfh. ensfh… In klucht fol ôfwikseling, de iene is de doar noch net út of de oare stiet der alwer. Persoanen wurde ferwiksele, rûzje oer en wer en fansels dyjinge dy’t ûnskuldich is kriget de measte klappen.

In goede freon en kollega waard spile troch: Oege Lolke Palma, Hester de Vries, Anna Marie Huizenga, Kees Aartsma, Tjeerd Tijsma, Wim Braaksma
Ek de froulju fan de omballingen (Ellen Schaafsma en Pietrik Velsma) hawwe dien wat der fan har ferwachte waard. Se binne tige kreatyf. It ljocht en lûd is yn hannen fan Mark Niehof. De smink waard dien troch Liesbert de Schiffart. It dekor is dit jier bout troch Durk Elsma mei help fan Lochnaar Kingma.
Monte Huizinga hat er syn bêst foar dien om der dit jier in moai stik fan te meitsjen. Hjir is hy tige yn slagge. We krigen in protte reaksjes fan de minsken. Der moat wol opmurken wurde dat it tal taskôgers dit jier in stik werom rûn is. We witte as bestjoer net lyk wer it him dat oan leit. Gjin ien jûn wie útferkocht. De lêste snein wienen der mar in man of fjirtich. Der wie ek ien fan it staf te sjen. Syn reaksje wie dat wy dit stik tige goed spilen. Better sels dan de kear dat dit stik op de slotjûn fan it staf spile is. Dit is in grut komplimint foar eltsenien.

We binne fuort west te spyljen. De Fryske krite woe ús stik graach hawwe. We binne 7 maart nei Ljouwert west te spyljen foar dizze groep minsken. Ek dit wie in tige slagge jûn.

We binne betiid oan de slach gongen mei kommend jier. We gean it kommend jier in stik spyljen dat Mint de Hoop ús oanrieden hat. “Avondrood” Dit stik wol sy oanpasse oan ús eigen doarp. Se sil tegearre mei Kees Aartsma oan de slach gean om it stik út te wreidzjen. It is in stik wat in protte spilers freget. We binne tige nijsgjirrich wat it bringen sil.

Ik bin oan it ein kommen fan it jierferslach.

It bestjoer docht syn bêst, yn goed gearwurkjen mei de Posthoarn en foaral motivearre leden. Allegear wichtige dingen dy’t wij nedich binne om ek folgjend jier der wer in slagge jier fan te meitsjen. Sukses!!!

Niels Gaastra
Skriuwer
Maaie 2008