We hawwe wer in slagge jier efter de rêch. Hjir in ferslach dêrfan:
Mint de Hoop is dit jier ús regisseur west. It wurdt dit jier in jûn foljend stik. Mint woe sels graach dit stik spylje. Avondrood is it stik. Se sjocht it sitten en der binne in tal fan leden dy der wakker sin yn hawwe.
Yn juny krije wy ús jierlikse iepenloftspul, dit kear “Amadeus”. De folgjende spilers dogge mei: Lochnaar Kingma, Anne Kingma en Toni Muurling. It wurdt in hiel slagge stik mei moaie klean en prachtige oanklaaiïng. It stik wûn ek nochris de gouden Gurbe foar it bêste stik en de bêste haadrolspiler.
Anne Kingma hat dit jier de rezjy dien yn Wier. Hjir hat hy al ris earder west. Lochnaar Kingma hat dit jier de rezjy dien yn Ferwert. Niels Gaastra hat mei him mei west foar it ynstekken en as rezjy-assistint. Se hawwe dêr de ienakters: “De trije breiden” en “It Kompleks” spile.
Dan krije wy ús eigen stik: Dit jier hienen wy in jûn foljend stik op it programma stean. It stik hiet fan: “Avondrood.” Dit stik is makke út groepsymprovisaasjes om it tema ‘âlderein’ hinne. It is in stik oer gefoelens en gedachten dy’t yn it gewoane libben meastal net útsprutsen wurde. Menear Stijlstra komt yn in âldereinhûs te wenjen. De sfear yn it hús liket min. De direktrise behannelt him ûnpersoanlik. De minsken binne haatlik tsjinelkoar, mar se besykje wol kontakt te krijen. Sommigen wurde wat bernsk. Dan komt der in famke fan ‘e Havo dy’t foar in projekt oer âlderein mei ien prate wol. De direktrise seit har dat se mar mei menear Van Beusekom prate moat, omdat hy sa’n bytsje besite kriget. It famke wurdt wat kjel omdat elk syn ferhaal oan har kwyt wol en se falle har mei fan alles lestich. Dan folget noch de bûnte jûn dêr’t in soad mislearre “acts” fertoand wurde. Yn ‘e lêste sêne stjert ien fan ‘e bewensters wylst se bystean wurdt troch in oare bewenster. Yn dizze yn it moed taastende sêne sjogge je hoe belangryk it kontakt is.
In goede freon en kollega waard spile troch:
Regisseur: | Mint de Hoop | |
De spilers: | Direktrise: | Carolien van Dijk |
Soan: | Klaas van der Haring | |
Van Geffen: | Rin Huizenga | |
Stijlstra: | Kees Aartsma | |
Putmans: | Tjeerd Tijsma | |
Van Beusekom: | Laas Kuiken | |
Bep: | Bettie Rinsma | |
Mefr. Van Osdorp: | Hester de Vries | |
Mefr. Van Draden: | Saakje van Dijk-Hovenga | |
Mefr. Walevska: | Anna Marie Huizenga-Bruinsma | |
Mefr. Goudzucht: | Sytske Faber | |
Famke: | Margriet Bokma | |
Smynk: | Lysbert de Schiffart | |
Jolanda van der Starren | ||
Muzyk: | Mathijs Kingma | |
Ljocht: | Laas Kuiken (ûntwerp) | |
Anne Kingma | ||
Omballingen: | Reintsje Boomstra | |
Tsjik Flameling |
Mint de Hoop hat har bêst dien om der dit jier in moai stik fan te meitsjen. Hjir is sy tige yn slagge. We krigen in protte reaksjes fan de minsken. It wie foar guon minsken werkenber. Dit jier wienen der in protte minsken te sjen. Foaral de lêste jûn. Doe wie de seal hielendal fol. It stik is ek noch spile foar de meiwurkers fan Vegelinsoard yn Joure. Ek dy jûn wie tige slagge.
Ek kommend jier sil Mint ús wer regissearre. We binne op it momint dat ik dit skriuw noch drok dwaande mei spilers en it stik. We hoopje dat we der ek kommend jier in moai toanieljier fan meitsje kinne.
Ik bin oan it ein kommen fan it jierferslach.
It bestjoer docht syn bêst, yn goed gearwurkjen mei de Posthoarn en foaral motivearre leden. Allegear wichtige dingen dy’t wij nedich binne om ek folgjend jier der wer in slagge jier fan te meitsjen. Sukses!!!
Niels Gaastra – april 2009