Revue Sjirk de Wal 125 jier

Yn de maaitiid fan 2018 bestiet Sjirk de Wal 125 jier en dan is der 3 wike (!) Merke. Der wurdt dan ek in Revue opfiert, dy’t skrean is troch Broer Jorritsma en de ferskes troch Monique van der Meer.

De Revue mei de namme “Der komt in Dokter by de Rypsters” wurdt opfiert troch Demosthenes en Hâld Moed en in pear oanfullings en frouljuskoar FromUs. It soe prachtich wêze as de 2 toanielferienigingen goed fertsjnwurdige binne.

Der binne 30 (meast lytse) rollen. Dêrfoar kinne jim jim oanmelde. It is wol in intensief repetysje skema wêr’t eins net ien ûntbrekke kin en troch de lytse roltsjes in protte wachtsjen. Lit jim dêr net troch ôfskrikke, want it wurdt in moai stik en in spektakel, mei filmkes, ferskes en fansels in protte wille. Jim kinne jim ek opjaan foar dekorbou, smink en kapwurk, klean en omballings. Yn de bylage sit it repetysje skema. Hjir kinnen noch lytse wizegings yn komme.

Opjaan kin troch een mail op de pagina ‘kontakt’ en oan te jaan wêr de ynteresse leit. Wy soarchje dan foar de oerdracht mei Broer Jorritsma. Opjaan kin oant 28 july 2017. Sadra der mear bekend is, dan sille wy jimme wer op de hichte stelle.

0 antwoorden

Plaats een Reactie

Meepraten?
Draag gerust bij!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Deze website gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.