It stik
In baronesse is sa slij nei âldheden en antyk, dat se hat har in byld meitsje litten fan har grutte favoryt: NAPOLEON. It byld komt thús yn in mânske kiste. Mar it folk lit de kiste by it ynsjouwen en te plak bringen miterje en Napoleon leit oan gruzeleminten. Bûten de faam en de feint wit gjinien der op it stuit noch fan en om tiid te winnen dat it wer wat yn ‘e heakken set wurde kin, docht de húsfeint de klean fan Napoleon oan en giet sa op ‘e sokkel stean, dy’t foar it byld ornearre wie. De faam moat it no sa sjen te stjoeren dat de oaren it net fernimme en dat jout fansels gâns brike komplikaasjes en frjemde sitewaasjes. De baron en syn kammeraat, dy’t beide slim ûnder it plak sitte, meitsje fan de gelegenheid gebrûk om har gesach werom te krijen en de ein fan it liet is dat der twa gelokkige pearkes ûnder it personeel fan oerbliuwe. It is by de klucht om ’t ôf en lit him flot spylje, mar it is wol dúdlik dat oer de rollen – en fral oer de haadrollen, de feint en de faam – net de earste de bêste te set moatte.

Regisseur:
Ynstekster:
De spilers:
Ljocht/lûd:
Omballingen: