It stik
Blijspul yn trije bedriuwen troch, Andreas Baumgartner, yn it Frysk bewurke troch, Alle Geart Hof, 3 froulju en 3 manlju Jabik Knol stiet der as grienteboer allinne foar, allinne de bern, Klaske en Foppe Jan helpe him. yn ’e winkel.. Syn frou siket it yn de kwaksalverij en is altyd mei har middeltsjes op in paad. Dit sinnicht de oaren net en se besykje har werom te floitsjen foardat se brokken makket. Plysje Bloemsma komt wol gauris oer de flier by de famylje Knol, mar net allinne foar dieverij fan in auto op te lossen, Klaske de dochter is de oarsaak. Jabik de heit is in fleurich type en lit syn gesicht wolris sjen yn de Ohio bar yn de stêd. Hy praat dêr mei de bardame Ina dy’t kennis hat oan de soan fan Jabik. Dizze dame wit it sa te spyljen dat se op staazje giet yn de winkel fan Knol. Mem en heit Knol hawwe net troch dat harren soan steapelgek is op Ina. Klaske sit efter Plysje Bloemsma oan en besiket him safier te krijen dat hy har oppakke moat foar in fergryp. As alles út de hân begjint te rinnen komt sa as hast altyd de oplossing mei in sjarmant happy end In maklik te spyljen stik mei moaie sênes…

Regisseur:
Ynstekster:
De spilers:
Ljocht/lûd:
Omballingen: