It stik
Twa susters tusken de fyftich en de sechstich jier ha der in gewoante fan makke om út poere sensaasjesucht út te stellen te gean. Dêrby steane se net foar in bytsje. Dat spultsje rint speak as de âldste suster fereale wurdt op in juwelier, dy’t se bestelle sille. As dy bui driget, soarget se lykwols foar in relaasje fan har suster mei in notaris, dy’t deselde gefolgen hat. It draait dus by eintsjebeslút by beide susters op trouwen út en dêrmei hat it stik syn happy-end. Foardat it safier is, bart der fansels noch wol it ien en oar. Sa ûntfytmanje de susters de ferloofde fan de tsjinstfaam in bedrach fan tûzen gûne en misse se by de buorfrou in antike sulveren taartskeppe, dêr’t de tsjinstfaam fan dy buorfrou de skuld fan kriget. Fierder is harren muoikesizzer, Alwine, dy’t in healjier lyn de doar út gien is fanwege de dieverijen, no wer thúskommen, sadat dy it lêste fyt noch meimakket en sadwaande deabenaud is dat har feint efter de praktiken fan har muoikes komme sil en har om dy reden net mear ha wol. Mar as it ienkear safier is dat de leafde yn it spul komt by de muoikes, dan bringe se oan elk it stellene spul werom en sadwaande binne der oan ‘e ein fjouwer lokkige pearkes.

Regisseur:
Ynstekster:
De spilers:
Ljocht/lûd:
Omballingen: