It stik
Rispingestate wurdt bebuorke troch âlde Kuper mei help fan bedriuwslieder Koert en de faam Gelske. No’t de âldman ferstoarn is, komt notaris om de erven yn te ljochtsjen oer it testamint. Dy erven binne in soan, Aan, twa dochters, Menta en Houkje, de lêste mei har man, en dan moat der noch in dochter yn Dútslân wêze, dy’t in bern oerwûn hat, mar dêr witte hja hjir it measte net fan. De neibesteanden binne fansels allegearre like slij nei it erfskip, want wat is op it heden in grut boerespul wol net wurdich: oardel miljoen? As notaris útein set mei it testamint, docht bliken dat âlde Kuper alderearst tocht hat om de ferpleechster, dy’t hast in jier sa goed op him past hat: hja kriget de sieraden, meast goudspul. Justjes letter komt de bûtelânske pakesizzer der yn en om te witten oft dy ek mei parte kin, moatte der papieren út Dútslân komme. Sadwaande moat de sitting fersteld wurde, mar allegearre bliuwe dêr salang útfanhûs. By einbeslút docht bliken dat mem en dochter yn Dútslân beide al ferstoarn binne en dat de ferpleechster de rol fan de pakesizzer spile hat om tiid te winnen, want de âldboer hat yn it testamint oan Koert en Gelske de pleats foar 24 jier yn hier tasein, mar dy beide moatte it earst noch iens wurde en dat hinget der yn, ek al omdat dêr in rike boeredochter, Hike, tusken sit te stikeljen. Hawar, it komt fansels allegearre wol klear, mar it wurdt foar de famylje yn safier in ôfalder, dat hja foarearst tefreden wêze moatte mei hier barren en gjin grutte stikken op it board krije.

Regisseur:
Ynstekster:
De spilers:
Ljocht/lûd:
Omballingen: