It stik
Tema: de ûnferdraachsumens en it tekoart oan tolerânsje by de minsken. Der sil op in doarp feest fierd wurde en foar it earst sil dat meiïnoar. De dominys hawwe it klear krige dat alle kanten oan in optocht meidwaan sille en se stelle har der witwat fan foar. Garaazjehâlder Willem Freugde sit ek yn it bestjoer foar it feest en kriget in frommeske fan ‘e krante op besite, dy’t freget oft de sigeunders fan it doarp ek oan it feest meidogge. Freugde besiket him dêr sa’n bytsje foar wei te winen, mar it gefolch is dat it yn ‘e krante komt en dan is de earste oanlieding ta in nije spjalt der libbensgrut. Hawar, ûnderwilens giet it mei de eukumene noch troch, want der wurdt útsteld dat alle rjochtingen trochinoar op ‘e fersierde weinen sitte sille. Dat soe earst foar eltse rjochting apart. De dominys wolle dêrby it foarbyld jaan troch ek meiïnoar op ien wein yn ‘e stoet mei te riden. Mar de ieuwenlange tsjinstellingen litte har samar net oan kant skowe. Stadichoan boazje de rûzjes oan en op it lêst spat de hiele boel útelkoar en moatte der wèr twa optochten hâlden wurde, al sil dan noch wol besocht wurde om der ien feest fan te meitsjen. Under de bedriuwen troch wurde wy wat gewaar fan de wize dêr’t Freugde syn autohandel op docht. No, dat lycht der ek net om.

Regisseur:
Ynstekster:
De spilers:
Ljocht/lûd:
Omballingen: