It stik
Tema: Unskuldigen besykje in ynbrekkersbinde te ûntmaskerjen. Frelle Wildervanck thoe Steenwijck, dy’t yn ‘e stêd wennet, hat in twadde wenning net fier fan in mar ôf. Hja is it haad fan in ynbrekkersbinde, dy’t as ’t der op oankomt, net foar in moard út ‘e wei giet. De binde ferstoppet him yn har twadde hûs as er krekt de Ynkassobank gâns lichter makke hat. It is op jûntiid en poermin waar mei swier waar en hurde wyn. Sadwaande komme dêr in tal minsken om te skûljen en omdat it waar mar oanhâldt, bliuwe se de nacht oer. Mar it is ek op oar gebied in rûzige nacht. De binde wol it jild ferpartsje en dêr tuskentroch komme der hieltyd wer gasten fan ’t bêd om’t se net sliepe kinne, en sadwaande de boel fersteure. De binde hat it sa ynpikt dat Doeke, in persoanielslid fan ‘e bank, fan de ynbraak fertocht wurdt. Hy wol bewize dat er it net dien hat en is safier al, dat er de binde op ’t spoar is en ek om ûnderdak frege hat. Mei him komme dêr ek noch syn faam Janny, in dosinte mei twa fan har learlingen (famkes) en plysje Joustra, dy’t nachttsjinst hat. Nei gâans in skoft kat-en-mûs boartsjen komt op it lêst de ûntknoping en wurde de ynbrekkers-moardners ynrekkene. Troch it hiele stik hinne wurdt de sfear stipelearre mei lûden fan tonger, hurde wyn en in klapperjend lûk.