It stik 
Iebe Spoelstra hat saaklike kontakten mei lju út ‘e ûnderwrâld en de plysje wol der efter sjen te kommen oft er sels wol suver op ‘e graat is. Dêrta brûke se in frommeske as spion en dy kriget ta opdracht, Spoelstra op ‘e lije side te krûpen. Sadwaande komme der by him thús telefoantsjes en blommen foar Berber, dy’t by frou Spoelstra en de bern fansels har ynfloed net misse. De frou kriget in oanriding fuort by hûs en sadwaande komme der in taksysjauffeur, in passagierske en in âld kolonel oer de flier. De kolonel hat in shock opdien en libbet no alhiel wer yn syn tsjinsttiid fan 25 jier ferlyn; ynspeksjes en oanfalsplannen en al sokke dingen wurde der opreakele. It libbet dêr ien mei oar in deimannich frjemd yninoar om, mar by eintsjebeslút docht dochs bliken dat Spoelstra hielendal skjin op ‘e lea is, ta grutte opluchting fan frou en bern, mar ek… dat de ‘kolonel’ neat oars is as in plysjeman en dat de taksyman en syn passagierske diel útmeitsje fan in binde dy’t it der om te rêden wie, by Spoelstra diamanten te stellen.

Regisseur:
Ynstekster:
De spilers:
Ljocht/lûd:
Omballingen: