It stik
Twa susters en in broer, allegearre al sawat om ende by de 60 jier, binne fan adelik komôf, hawwe in grut part fan it eardere famyljebesit al ferkeapje moatten en wenje no noch yn in kreaze bungalow mei in feint foar de hynders en de tún en in faam foar it wurk. De âldste fan de froulju sjocht de wrâld noch as yn de tiid fan de adel: hege hearen en dames en dêrnjonken earme arbeiders, dy’t dat hege folk tige achtenearje. De jongste tinkt dêr oars oer, en hat wol troch dat it gewoane folk oars tinkt as hûndert jier tebek. De man hat lykas syn heit altyd rij libbe: der hynders op nei hâlde, dêrmei nei draverijen, gokke en sûpe en samar troch. Sa dwaande is it besit aardich beklonken en is dat gjin rêgegraat mear foar de staasje sa’t hja dy winliken wol fiere wolle. De man hat koartlyn in manspersoan oanriden en is mei in stik yn ‘e kraach trochriden. De ûntjouwing yn dit stik slacht op it feit, dat hja troch in tafal út ‘e mûle fan ien dy’t it witte kin, komme te hearren hoe’t it folk destiids – en no foaral – oer harren tinkt (it earste tema) èn dat oan ‘e ein fan it stik bliken docht foar de susters dat harren broer immen deariden hat en dat stilhâlden hat (twadde tema). Hy wurdt yn ’t lêst fan it tredde bedriuw foar de kar set oft hysels de plysje skilje sil of dat hja it dwaan moat. Hy nimt de telefoan en dan giet it doek ticht.

Regisseur:
Ynstekster:
De spilers:
Ljocht/lûd:
Omballingen: