It stik
De nije, net-troude dokter Wynsen Lyklama festiget him foarearst oan hûs by kaptein Sinnema, in âld see-ofsier, dy’t dêr wennet mei syn dochter Ineke en de húshâldster Jehanne. No hat Sinnema it groat gear mei de rike boer Bartle Boersma, omdat Maaike, de dochter fan Boersma, by Sinnema yn ‘e hûs kaam is, nei’t hja fan hûs fuort rûn is, om’t hja spul krige troch har ferkearing met Wytse, in soan fan in eardere arbeider fan Boersma. Boersma syn ynfloed is sa grut, dat er bewurket, dat de minsken net nei de nije dokter ta geane. Dêr komt noch by, dat wyksuster Jonker fereale wurdt op Wynsen en foar him deselde Boersma yn ‘e steek lit. Dit nimt Boersma net en hy begjint allerhande praatsjes út te struien. Ek Ineke mei de jonge dokter hiel wol lije, mar lit dat net skine. Troch in pear goede setten fan Wynsen draait de wyn by it folk op it lêst al. Maaike en Wytse wolle graach trouwe en Sinnema en in dokter út ‘e omkriten wolle harren dêrby helpe, mar sjoch dêr: Dat is allegearre net nedich, want Boersma is ta it ynsjoch kommen, dat er mis west hat mei syn fertinken fan de wyksuster en de nije dokter en ek mei syn hâlding foar Wytse en Maaike oer. As dy oplossing der is, komt it ek út, dat de nije dokter en Ineke it iens wurden binne en sa einiget it stik, nei alle problemen, as in blijspul.

Regisseur:
Ynstekster:
De spilers:
Ljocht/lûd:
Omballingen: