
It stik
It ferhaal spilet him ôf op it plattelân fan Sisilië yn it begjin fan dizze ieu. Omke Simone is in rike, âlde boer. Syn earste frou hat him gjin bern neilitten. Oan wa moat er syn guod, dat er mei in soad muoite byinoar wrot hat, no neilitte? Hy is wer troud mei it earme weesfamke Mita, mar der wolle mar gjin bern komme. Mita is in klein, earber famke, mar har hert giet noch altyd út nei de freon út har bernetiid, Liolà. Liolà is in los wurkman, in fleurige pierewaaier dy’t graach ûnder de rokken fan de famkes sit. En dan ek berntsjes by de rûs makket. Net dat er him fuortwynt foar de gefolgen, mar as it der op oan komt wolle de fammen sa’n earme swankebast dochs leaver net as man. Dan nimt hy de lytskerts mar by him en syn mem yn’e hûs, want hy soe de popkes wol sparje wolle as fûgeltsjes yn in kouwe. En as se letter grut binne, meie se fuortfleane oer Gods ierde, like frij as hy. It stik begjint yn’e tiid fan’e rispinge, by de pleats fan de nicht fan omke Simone, muoike Croce en har dochter Tuzza. Mem en dochter fine it tige spitisch dat it jild fan harren rike omke net yn’e famylje bliuwe kin. En dochter Tuzza hat noch in reden om oergeunstich te wêzen op Mita: hat dy ek noch net in fleurige minner? Alteast sa tinkt sy. Dus no hat Tuzza wat úthelle… Mar yn in doarp bliuwt noait wat lang geheim. Elts tinkt der sines fan…
Klik hjjir foar de foto’s
Rezjy: | Mirjam van Baarsen | |
Ynstekster | Jikke Visser-Huizinga | |
De spilers: | Nico Schillaci, bynamme Liolà: | Anne Kingma |
Simone Palumbo, omke: | Lochnaar Kingma | |
Muoike Croce Azzari: | Anna Marie Huizenga-Bruinsma | |
Tuzza, dochter fan muoike Groce: | Andrea van der Reijden | |
Mita, jongste frou fan omke Simone: | Hinka Blanksma-Eringa | |
Cármina, bynamme La Moscardina: | Anne Marie Landman-Oomen | |
Gesa, muoike fan Mita: | Margriet van der Molen | |
Muoike Ninfa, mem fan Liolà: | Saakje van Dijk-Hovenga | |
Ciuzza: | Trees Kuiken | |
Luzza: | Heleen Hanje | |
Nela: | Reina Wouda | |
Tinino: | Jos Barkman | |
Calicchio: | Sander Kingma | |
Pallino: | Geert Huizenga | |
Smynk: | Hilda Kuiken en Dukkie Sinnema | |
Ljocht/lûd: | Edward van der Meer | |
Oersetting: | Metsje Gerlsma en Gerrit Siegersma | |
Omballingen: | Reintsje Boomsma en Gerda van der Kooi |