
It stik
“Pensjon de Goate” in opfanghûs foar dak- en thúsleazen hat 4 bewenners. Alle bewenners ha har eigen spesifike eftergrûn: 1. in oan legerwâl rekke akteur 2. in wat âlder hoerke 3. in “junk”, dy’t dakleazenkranten ferkeapet, mar eins graach skriuwer wêze woe 4. in swalkster, dy’t har besit yn in winkelkarke hat en in pop as har bern behandelt. It pensjon wurdt laat troch Toos, in wat autoritêre frou mei in hert fan goud. Fan in frijwillichster, Pien, dy’t yn it pensjon wurket, docht letter bliken dat sy research docht foar in rol as swalkster yn in t.v. soap-searje. Mei help fan it bestimmingsplan besiket de buert, yn’e persoan fan in buorfrou, it pensjon ta evakuaasje te twingen. Dan kriget Pien de rol yn de soapsearje. De bewenners krije elk in by har passende taak yn’e begelieding fan it nije talint: “Pensjon de Goate” wurdt “Ympressariaat de Goate” en mei yn de buert bliuwe.
Klik hjir foar de foto’s
Rezjy: | Karin Idzenga | |
Ynstekster | Jikke Visser-Huizenga | |
De spilers: | Rika (swalkster): | Margriet van der Molen |
Eduard (A. E. M. Hofman): | Tjeerd Tijsma | |
Jotie Kopenol | Laas Kuiken | |
Wanda: | Saakje van Dijk-Hovenga | |
Pien Steltman: | Hendrika Postuma | |
Toos Stuyts: | Anne Marie Landman-Oomen | |
Elberth Meerman: | Andrea van der Reijden | |
Smynk: | Lysbert de Schiffart | |
Ljocht: | Michel van der Geest | |
Ljochtadvys: | Laas Kuiken | |
Omballingen: | Reintsje Boomsma en Tsjik Flameling |