It stik
Dit stik is makke út groepsymprovisaasjes om it tema ‘âlderein’ hinne. It is in stik oer gefoelens en gedachten dy’t yn it gewoane libben meastal net útsprutsen wurde. Menear Stijlstra komt yn in âldereinhûs te wenjen. De sfear yn it hús liket min. De direktrise behannelt him ûnpersoanlik. De minsken binne haatlik tsjinelkoar, mar se besykje wol kontakt te krijen. Sommigen wurde wat bernsk. Dan komt der in famke fan ‘e Mavo dy’t foar in projekt oer âlderein mei ien prate wol. De direktrise seit har dat se mar mei menear Van Beusekom prate moat, omdat hy sa’n bytsje besite kriget. It famke wurdt wat kjel omdat elk syn ferhaal oan har kwyt wol en se falle har mei fan alles lestich. Dan folget noch de bûnte jûn dêr’t in soad mislearre “acts” fertoand wurde. Yn ‘e lêste sêne stjert ien fan ‘e bewensters wylst se bystean wurdt troch in oare bewenster. Yn dizze yn it moed taastende sêne sjogge je hoe belangryk it kontakt is.

Klik hjir foar de foto’s

Regisseur:Mint de Hoop 
De spilers:Direktrise:Carolien van Dijk
 Soan:Klaas van der Haring
 Van Geffen:Rin Huizenga
 Stijlstra:Kees Aartsma
 Putmans:Tjeerd Tijsma
 Van Beusekom:Laas Kuiken
 Bep:Bettie Rinsma
 Mefr. Van Osdorp:Hester de Vries
 Mefr. Van Draden:Saakje van Dijk-Hovenga
 Mefr. Walevska:Anna Marie Huizenga-Bruinsma
 Mefr. Goudzucht:Sytske Faber
 Famke:Margriet Bokma
Smynk:Lysbert de Schiffart 
 Jolanda van der Starren 
Muzyk:Mathijs Kingma 
Ljocht:Laas Kuiken (ûntwerp) 
 Anne Kingma 
Omballingen:Reintsje Boomstra 
 Tsjik Flameling