It stik
It stik spilet him ôf op it kantoar fan de Stichting Nij Posityf, dy’ t ta doel hat de literatuer suver te hâlden en de seks ut de boeken banne wol. It  ferhaal draait om ‘e wat wrâldske, skieden mem fan in net al te fêst yn ‘e skuon steande meiwurker fan de Stichting. Hy hat ûnwiis yn de boeken knoeit en ropt op  in ûnberet stuit de help yn fan syn mem. No dat sil ‘er witte! Sij kriget de kâns om har ut te jaan foar in oar en sa de Stichting yn te kringen. Mei de bêste (?) bedoelingen soarget se oan ien wei foar de grutste reboelje yn de Stichting mar se wit har der ek hieltyd wer ut te rêden. It is in satire op seks, boekhâlders dy’t der mei de kas utnaaie en noch mear saken dy’t it minskdom hjoed-de-dei bezich hâldt mar it hat noch wol safolle deugden dat it  boppe de gewoane klucht utpiket. De feardige pinne fan Annie M.G. Schmidt wie dat ek wol tabetroud.

Gean hjir foar de foto’s

Rezjy:Sybe van der Ploeg 
Rezjy-assistint:Nynke Bouma 
Ynstekkers:Anna Marie Huizinga 
 Jelmer Kooistra 
   
Spilers:Hester de Vriesas mefrou Nora Reuling
 Oege Palmaas mynhear Vos
 Niels Gaastraas Johan Reuling
 Bettie Rinsmaas Lotte Nahuys
 Gerbrich de Jongas juffer Bats
   
Dekôr:Laas Kuiken 
 Jan Slob 
   
Klean/ombollingen:Gerda Bonsma-van der Kooij 
 Tjarda Hilverink 
 Baukje van der Wal 
   
Smynk:Margriet Abma 
 Baukje van der Wal 
   
Ljocht en lûd:Anne Kingma