
It stik
Sanny Draaier is feint by Siderius Heroma út Hearum. Mar om wat mear bûsjild te hawwen soe hy der eins wol in master by ha kinne. At jo no foar ien as foar twa de brieven fan de post helje, dat kin wol yn ien loop.
It slagget him om der in twadde master by te krijen mar dan begjinne de tûkelteammen pas goed. Om’t Sanny net lêze kin hellet er de brieven troch elkoar, hjir wit er him noch út te rêden,mar at de beide masters tagelyk ite wolle makket hy der in potsje fan om’t er net wit wat foar iten at foar hokker master is. Kommentaar: In prachtige komeedzje dy’t troch Tryater rûnom yn Fryslân spile is. It is en bliuwt in nijsgjirrich stik, wêr’t troch in ploech dy’t fan in útdaging hâldt, in protte wille oan te belibjen is.
Rezjy: | Mirjam van Baarsen | |
Ynstekster | Jikke Visser-Huizinga | |
De spilers: | Harnt Kuiken: | Anne Kingma |
Doutsen Kuiken: | Nienke Bouma | |
Dr. Hearke Salverda: | Folkert Faber | |
Sicco Salverda: | Andy van der Geest | |
Katrine: | Aafke Venema | |
Riksta Heroma: | Anne Marie Huizenga-Bruinsma | |
Hugo de Baquebard: | Kees Aartsma | |
Sanny Draaier: | Niels Gaastra | |
Goaitzen Agricola: | Lochnaar Kingma | |
Dragers en tsjinners: | Gerda van der Kooi | |
Oege Lolke Palma | ||
Ype Zijlstra | ||
Smynk: | Hilda Kuiken | |
Hendrika Posthumus | ||
Dukkie Sinnema | ||
Nynke Zijlstra | ||
Ljocht: | Michel van der Geest en Laas Kuiken (advys) | |
Lûd: | Mark Niehof | |
Omballingen: | Saakje van Dijk en Margriet van der Molen |