Ek it ôfrune jier hat sich wer it ien en oar ôfspile yn ús feriening en hawwe wer bestjoer en ferskate spilers en oare frijwilligers yn it spier west om ien en oar slachje te litten.
Mei de Rypster merke en doarpsfeest wie der in grutte optocht en wy hawwe der oan mei dien om flink wat promoasje te meitsjen foar Rederikerskeamer Demosthenes. Wy hienen Anna Marie Landman frege om dit te regeljen en te begelieden. Fan te foaren hie Rin Huizenga al flink wat foarwurk dien troch de namme Demosthenes op allegear manieren, troch wat mei de klemtoan te boartsjen, foarm te jaan. Oan de optocht rounen mei: Laas Kuiken op de bakfyts as Demosthenes himself, Saakje van Dijk en Rin Huizenga as saneamd ‘callcenter’. Sy probearren troch minsken sabeare op te beljen, dizzen oer te heljen om lid of stiper fan ús feriening te wurden. Margriet van der Molen en Hinke Blanksma hienen saneamde ‘sandwich boerden’ omhongen mei werfjende teksten, Tsjik Flameling dielde stientsjes út mei in logo fan ús feriening, Anne Marie Landman probearre mei it beskikber stellen fan in toanielkiker de minsken te oerstjoegjen dat allinnich televyzje sjen, krekt as har ‘man’ spile troch Tsjeard Tijsma, net goed is foar de algemiene ûntwikkeling fan de minske. Anne Kingma en Niels Gaastra wienen saneamde fertsjintwurdigers, dy ‘t yn foute pakken ek ús feriening oan ‘e man bringen woene. It wie in tige slagge barren en it hat noch in stikmannich nije leden en stipers opbrocht ek. (Letter heaken der wer twa spilers ôf om ‘t sy tochten dat it net serieus bedoeld wie.
It lei yn de bedoeling om yn desimber wer in stik op te fieren, mar troch dat de regisseur it net seach sitten dat it stik op de tiid der yn sitte soe, ek al omdat sy de drokte efkes net oan koe, ha wy besletten om it mar yn febrewaris te dwaan.
Der wie keazen foar in stik, dat hiel bekend is yn ‘e toanielwrâld: “De feint fan twa masters” fan de Italiaanske skriuwer Carlo Goldoni. Ek profesjonele selskippen hawwe it op it programma stean. Tryater hat it al ris spile yn de Roelengahal op Schatzenburg. Yn Jorwert is it as iepenloftspul opfied  yn de notaristún.
Demosthenes spile de oersetting en ferzje fan Romke Toering, spiler fan Tryater en skriuwer fan it suksesfolle “Baarderlân”.
Dit blijspul ferge noch al wat fan regisseur, spilers en bouploech, want it frege in protte romte, mei troch de rap wikseljende sênes. Ús regisseur Mirjam van Baarssen hie betocht dat it wol aardich wêze soe, as it stik yn de seal wurde soe en net op it poadium. Op it poadium koe dan wol publyk sitte. Dit wie wol in protte ekstra drokte, mar it skeelde de bouploech dochs wol aardich wat wurk, omdat der sûnder dekor spile waard. Ekstra podiumdielen waarden by Tryater liend en de alternative opstelling koe plak biede oan 115 minsken.
Efkes wat oer it stik. It spilet him lang lyn ôf en kin ek net nei dizze tiid ferpleatst wurde, want wêr kinne wy no noch de ferhâlding fan master – feint. Yn klean en attribúten sil dat nei foaren komme moatte. Sa’t de titel al seit giet it oer in feint, dy’t twa masters –  tagelyk –  tsjinnet. En dat kin eins net, fansels. De feint hat dan ek hâlden en kearen om it beide nei it sin te meitsjen. At der ek noch wat bysûnders oan de hân is mei ien fan de masters, kin it net oars, of der ûntsteane fermaaklike en kompliseare situaasjes.
Yn it plak Dronryp, dêr’t alles him ôfspilet, wenje ek in eigensinnige keapman en in “gelearde” dokter. De soan fan de ien en de dochter fan de oar binne al lang gek mei elkoar. Mar eins hie de heit al in hiel geskikte man op it each foar syn dochter. Troch in ûnferwacht barren liket it paad foar de jonge en it famke frij te wêzen. Mar der komt in kink yn ‘e kabel. Fansels, hoe soe it ek oars. En dat bringt foar de beide heiten en de jongelju wer in protte argewaasje mei.
Wat is fierder de rol fan de faam fan de keapman en dy fan de kastelein? En wat ha de personaazjes dy’t allegear opdrave mei elkoar te krijen? Dêr komme jim achter at jim ien fan de foarstellings bywenje.
Oersetter Romke Toering hat der noch in sauske oerhinne jitten troch de minsken ferskate dialekten út Fryslân prate te litten. Al mei al in ûnderhâldend en fermaaklik stik
De rollen waarden spile troch: Anne Kingma as keapman Harnt Kuken, Nienke Bouma spile syn dochter Doutsen. Nienke wie troch ús frege, omdat wy ien spylster te koart hiene. Sy wennet yn Wjelsryp en spile ek al mei yn it iepenloftspul. Folkert Faber spile de rol fan dr. Hearke Salverda, de doarpsdokter dy ‘t mar al te graach fan it Latyn gebrûk makket, Andy van der Geest spile Sicco Salverda de soan fan de dokter. Aafke Venema, in oare gastspylster, spile Katrine, Anna Marie Huizenga-Bruinsma spile Riksta Heroma, Kees Aartsma spile Hugo de Bacquebard, Lochnaar Kingma spile Goaitzen Agricola en de haadrol waard hiel moai delset troch Niels Gaastra. Dan wienen der ek noch figuraasjerollen. Gerda van der Kooi, Oege Palma en Ype Zijlstra dienen mar al te graach mei en setten hiele moaie typkes del. De ynstekster wie wer Jikke Visser-Huizinga, it ljocht waard fersoarge troch Michel van der Geest mei advys fan Laas Kuiken, it lûd waar fersoarge troch Mark Niehof, de smink wie yn hannen fan Hilda Kuiken, Hendrika Posthumus, Dukkie Sinnema en Nynke Zijlstra, de omballingen troch Saakje van Dijk en Margriet van der Molen. De bouploech bestie wer út Folkert Faber, Hendrik de Kroon en Andries Sinnema. Wy hawwe it stik twa kear foar in útferkochte seal spile op sneontejûn 21 en 28 febrewaris en ien kear op sneintemiddei 22 febrewaris. Ek doe wie de seal sa goed as fol, der wiene noch mar sân plakken net beset.
Der spilen ek wer leden fan ús feriening yn it iepenloftspul. Lochnaar Kingma, Margriet van der Molen, Anne Kingma, Rin Huizenga en Tsjeard Tijsma dienen der oan mei.
Dan waard der yn april ek noch Folkert Faber betocht mei in lintsje fan Hare Majesteit de Koaninginne. It wie foar him in hiele ferrassing, mar hy hie it dik fertsjinne. It Iepenloftspul Dronryp en Sjirk de Wal hiene it oanfrege, omdat hy it protte wurk foar dizze ferienings dien hie.
Oant safier it jierferslach fan ús Rederikerskeamer Demosthenes, wy sille hoopje dat ek it kommende jier wer in sukses wurde mei en dat wy, krek as alle jierren, yn De Posthoarn te plak kinne om ús hobby út te oefenjen.