Frou Klepel is in ryke, âlde dame en immen fan adel dy’t troch omstannichheden net langer op harsels wenje kin. Har neef Constantijn hat tegearre mei har it bêste fersoarginshûs yn de omkriten utsocht en dat is “Residinsje de Warande” wurden.
Dan komt de dei fan de ferhuzing en frou Klepel meldt har mei har neef by it ‘Soarchcintrum de Warande’. Dit is natuurlik gjin residinsje mar gewoan in hiel goed en gesellich hûs foar âldere minsken. Dêr hat frou Klepel gjin boadskip oan en sy beslút dat har ferbliuw fan koarte doer wêze sil.
Mar har neef hat har bûtenpleats al ferkocht en dêrom moat sy, krekt als alle oare bewenners (dy’t best aardich binne), harren oanpasse en er it bêste fan meitsje.
Frou Klepel hâld harren earst wat ofsidich, mar dan komme de oare bewenners der achter dat frou Klepel wol in hiel bysundere hobby hat….