
Op 22 oktober oranisearre de Franeker Akademy in spesjiale Trinus Riemersma-dei yn De Koornbeurs yn Frjentsjer.
Demosthenes is frege om in ienakter fan him te spyljen.
It stik hjitte ‘De skriuwer foar ti doarpsbelang.
Trinus Riemersma wie ek in betûft koarteferhaleskriuwer. Se waarden bondele yn fjouwer boeken; nei 1976 beoefene er it sjênre eins net mear. Tige bekend is syn koart ferhaal ‘De skriuwer foar it doarpsbelang’ út 1967, dêr’t er de gek yn hat mei de resepsje fan syn earste romans. Gerben Turkstra, in jonge fiksjeskiuwer, lêst op in gearkomst fan doarpsgenoaten in fragmint foar út in ferhaal fan sines. In protte minsken hawwe der kommintaar op, omdat se it fiksjonele karakter fan it ferhaal net ynsjen kinne. Turkstra wurdt twongen almar mear fan syn tekst te skrassen, oant der allinne noch mar stiet: ‘Ik de buorren út.’ Lilk rint er fuort, syn beslút stiet fêst: ‘Ik skriuw in kaaiferhaal oer jimme!’
Rezjy: | Nelis Huizinga en Lochnaar Kingma |
Ferteller: | Oebele Harmsma |
Gerben Turkstra, begjinnend skriuwer: | Nelis Huizenga |
Notaris Hollema: | Anna Marie Bruinsma |
Blokhuis, boer: | Jan Meine Oenema |
Dekker, hâlder taksybedriuw: | Tjeerd Tijsma |
Boonstra, fytshandler: | Lochnaar Kingma |
Juffer Wielinga: | Gerda Bonsma |
De Bruin: | Laas Kuiken |
Frou Kuipers: | Sytske Faber |