
De klucht: It lit de pastoar kâld
En dat it in klucht is, dat is wol dúdlik. Allerhande betizingen soargje foar in jûn fol wille. De parochy fan Dronryp sit yn jildpine!
It fuortbestean fan de parochy giet de pastoar tige oan it hert en dêrom hat hy de biskop en susterparochy Bouli-Bouli om stipe frege. Lykwols is de help dy’t de pastoar krijt dochs net hielendal wat hy der fan ferwachte hie. De biskop stjoert syn sekretaresse om it fersyk om stipe te beoardieljen en Bouli-Bouli stjoert Mayamba mei in sek fol jild.
Slagget it de pastoar en syn gefolch om de sekretaresse te oertsjûgjen fan de needsaak fan it behâld fan de parochy fan Dronryp? Der wurde allegear frjemde fiten úthelle om dit foar inoar te krijen.
Rolferdieling | |
Pastoar de Bonte | Tjeerd Tijsma |
Koster Kees | Laas Kuiken |
Suster Carolina | Pietsje Jongma |
Wilma van Beek | Gerbrich de Jong |
Jan van Beek | Foppe Sinnema |
Juffrou Geurts | Sytske Faber |
Majamba | Jan Meine Oenema |
Broere | Wim Braaksma |
Thijs | Gerard de Vries |
Ilse | Reina de Boer |
Meiwurkers | |
Rezjy: | Lochnaar Kingma |
Rezjy-assistint | Oebele Harmsma |
Ynstekker: | Ronald Janse |
Technyk: | Oebele Harmsma |
Schmink/kapwurk: | Anna Marie Bruinsma, Nynke Bruinsma, Sjoukje Posthumus, Pytrick Kooistra, Irene Bakker en Nynke Schaap |
Klean, ombollingen en dekor: | Reina de Boer, Dirkje den Hartogh, Nynke Schaap, Lochnaar Kingma, Laas Kuiken, Pietsje Jongma, Gerda Bonsma, Gerard de Vries, Dirk Gillebaard, Klaas van der Haring en Roelof Zijlstra |
Grafyske foarmjouwing: | Tjeerd Tijsma |
Fotografy: | Age Okkema en Theo Galama |