
Richt Rozema wennet allinne yn in hĂ»s dat har sa stadichoan te grut wurdt. Hja wol oan ‘e iene kant wol nei in lyts hĂşske yn ‘e buorren, mar oan ‘e oare kant wit hja foar harsels dat hja har buorlju, de widner Gerben Jonkman en syn pakesizzerAfke, slim komme sil te missen. Dy pakesizzer helpt har gauris yn ‘e hĂ»s en dy wit ek wol, dat frou Rozema gjin nee sizze soe as pake Gerben har freegje soe om by inoar yn wenjen te gean. Mar it slimste is dat net ien fan beiden dĂŞr oer begjinne doar. Sadwaande wol Richt op it lĂŞst dochs mar ferfarre en moat hja har hĂ»s kwyt. Ferkeapje wol hja it net en omdat hja, sa’t skynt, ek gjin neie famylje hat, wol hja it mar weijaan oan ien fan har tije efterneven. Ien fan harren, Harm, is net troud, dus dy sil wol gjin belang by it hĂ»s hawwe en dan koene de beide oaren it om har krije. Hja soene dan sels mar Ăştmeitsje moatte wa’t der yn wenje sil en dy soe de oare dan wat hier betelje moatte. Dat, hja noeget de famylje Ăşt. Dy binne fansels tige benijd en miene dat der wat te heljen is en binne op foarhân foarelkoar oer op harren iepenst. Om dit tema hinne spilet it hiele stik mei as einbeslĂşt, dat Richt en pake Gerben doch byinoar yn reitsje, dat Afke en Harm it tegearre iens wurde en dat de beide oare pearen mei lege hannen op hĂ»s oan moatte. (Ien fan ‘e spilers, t.w. Gerben, de pake, hat tagelyk de rol fan ferteller en komt sadwaande no en dan, ek midden yn ‘e bedriuwen, oan it wurd.)
| Persoanen | ||
| Richt Rozema | muoike | Jelly Schefer |
| Gerben Jonkman | buorman fan Richt | Jan Braaksma |
| Harm Sekuer | efterneef fan Richt | Tsjerk Wiersma |
| Afke Jonkman | pakesizzer fan Gerben | Anna Marie Bruinsma |
| Tjitske Huisman | frou fan Oebele | Jikke Visser |
| Oebele Huisman | efterneef fan Richt | Folkert Faber |
| Tsjerk Lyklema | man fan Geartsje | Klaas Smid |
| Geartsje Lyklema | efernicht fan Richt | Gryt Riemersma |
| Rezjy: | Drys de Boer | |
| Ynstekker: | Jolle de Wit | |
| Kapwurk: | Hein Poshumus |
