
It stik
It ferhaal spilet him Ă´f op it plattelân fan SisiliĂ« yn it begjin fan dizze ieu. Omke Simone is in rike, âlde boer. Syn earste frou hat him gjin bern neilitten. Oan wa moat er syn guod, dat er mei in soad muoite byinoar wrot hat, no neilitte? Hy is wer troud mei it earme weesfamke Mita, mar der wolle mar gjin bern komme. Mita is in klein, earber famke, mar har hert giet noch altyd Ăşt nei de freon Ăşt har bernetiid, LiolĂ . LiolĂ is in los wurkman, in fleurige pierewaaier dy’t graach Ă»nder de rokken fan de famkes sit. En dan ek berntsjes by de rĂ»s makket. Net dat er him fuortwynt foar de gefolgen, mar as it der op oan komt wolle de fammen sa’n earme swankebast dochs leaver net as man. Dan nimt hy de lytskerts mar by him en syn mem yn’e hĂ»s, want hy soe de popkes wol sparje wolle as fĂ»geltsjes yn in kouwe. En as se letter grut binne, meie se fuortfleane oer Gods ierde, like frij as hy. It stik begjint yn’e tiid fan’e rispinge, by de pleats fan de nicht fan omke Simone, muoike Croce en har dochter Tuzza. Mem en dochter fine it tige spitisch dat it jild fan harren rike omke net yn’e famylje bliuwe kin. En dochter Tuzza hat noch in reden om oergeunstich te wĂŞzen op Mita: hat dy ek noch net in fleurige minner? Alteast sa tinkt sy. Dus no hat Tuzza wat Ăşthelle… Mar yn in doarp bliuwt noait wat lang geheim. Elts tinkt der sines fan…
Klik hjjir foar de foto’s
| Rezjy: | Mirjam van Baarsen | |
| Ynstekster | Jikke Visser-Huizinga | |
| De spilers: | Nico Schillaci, bynamme LiolĂ : | Anne Kingma |
| Simone Palumbo, omke: | Lochnaar Kingma | |
| Muoike Croce Azzari: | Anna Marie Huizenga-Bruinsma | |
| Tuzza, dochter fan muoike Groce: | Andrea van der Reijden | |
| Mita, jongste frou fan omke Simone: | Hinka Blanksma-Eringa | |
| Cármina, bynamme La Moscardina: | Anne Marie Landman-Oomen | |
| Gesa, muoike fan Mita: | Margriet van der Molen | |
| Muoike Ninfa, mem fan LiolĂ : | Saakje van Dijk-Hovenga | |
| Ciuzza: | Trees Kuiken | |
| Luzza: | Heleen Hanje | |
| Nela: | Reina Wouda | |
| Tinino: | Jos Barkman | |
| Calicchio: | Sander Kingma | |
| Pallino: | Geert Huizenga | |
| Smynk: | Hilda Kuiken en Dukkie Sinnema | |
| Ljocht/lûd: | Edward van der Meer | |
| Oersetting: | Metsje Gerlsma en Gerrit Siegersma | |
| Omballingen: | Reintsje Boomsma en Gerda van der Kooi |
