
It stik
De man, Joris, is in suksesfol skriuwer. Nei in houlik fan 12 jier is syn frou ferstoarn; hy mist har tige en kin net goed sûnder har. Syn broer Leo besiket om him mei oare froulju yn ‘e kunde komme te litten. De frou, Annie, is krekt skieden, en besiket no wer allinne troch it libben te kommen. As aktrise is se slagge. Har freondinne Bie besiket har oan ‘e man te krijen. Sa moetsje Annie en Joris elkoar en al fluch trouwe se. It houlik giet al gau net sa goed; Joris fergeliket har mei syn earste frou en Annie fynt it net maklik mei in ôfhinklike man te libjen nei dat se har ûnôfhinklikheid werom krigen hie. Úteinlik doare se it beide oan in nij libben te begjinnen.
| Regisseur: | Mirjam van Baarssen | ||
| Ynstekster: | Tsjik Flameling | ||
| De spilers: | Joris Schneider | Wietze Landman | |
| Leo Schneider | Tjeerd Tijsma | ||
| Annie Geerts | Anna Marie Huizinga | ||
| Bie Mispelter | Andrea van der Reijden | ||
| Smynk: | Dukkie Sinnema | Hilda Kuiken | Hendrika Posthuma |
| Omballingen: | Anna Marie Landman | ||
| Ljocht/lûd: | Laas Kuiken | ||
| Bouploech: | Folkert Faber | Hendrik de Kroon | Andries Sinnema |
