Richt Rozema wennet allinne yn in hĂ»s dat har sa stadichoan te grut wurdt. Hja wol oan ‘e iene kant wol nei in lyts hĂşske yn ‘e buorren, mar oan ‘e oare kant wit hja foar harsels dat hja har buorlju, de widner Gerben Jonkman en syn pakesizzerAfke, slim komme sil te missen. Dy pakesizzer helpt har gauris yn ‘e hĂ»s en dy wit ek wol, dat frou Rozema gjin nee sizze soe as pake Gerben har freegje soe om by inoar yn wenjen te gean. Mar it slimste is dat net ien fan beiden dĂŞr oer begjinne doar. Sadwaande wol Richt op it lĂŞst dochs mar ferfarre en moat hja har hĂ»s kwyt. Ferkeapje wol hja it net en omdat hja, sa’t skynt, ek gjin neie famylje hat, wol hja it mar weijaan oan ien fan har tije efterneven. Ien fan harren, Harm, is net troud, dus dy sil wol gjin belang by it hĂ»s hawwe en dan koene de beide oaren it om har krije. Hja soene dan sels mar Ăştmeitsje moatte wa’t der yn wenje sil en dy soe de oare dan wat hier betelje moatte. Dat, hja noeget de famylje Ăşt. Dy binne fansels tige benijd en miene dat der wat te heljen is en binne op foarhân foarelkoar oer op harren iepenst. Om dit tema hinne spilet it hiele stik mei as einbeslĂşt, dat Richt en pake Gerben doch byinoar yn reitsje, dat Afke en Harm it tegearre iens wurde en dat de beide oare pearen mei lege hannen op hĂ»s oan moatte. (Ien fan ‘e spilers, t.w. Gerben, de pake, hat tagelyk de rol fan ferteller en komt sadwaande no en dan, ek midden yn ‘e bedriuwen, oan it wurd.)

Persoanen
Richt RozemamuoikeJelly Schefer
Gerben Jonkmanbuorman fan RichtJan Braaksma
Harm Sekuerefterneef fan RichtTsjerk Wiersma
Afke Jonkmanpakesizzer fan GerbenAnna Marie Bruinsma
Tjitske Huismanfrou fan OebeleJikke Visser
Oebele Huismanefterneef fan RichtFolkert Faber
Tsjerk Lyklemaman fan GeartsjeKlaas Smid
Geartsje Lyklemaefernicht fan RichtGryt Riemersma
Rezjy:Drys de Boer
Ynstekker:Jolle de Wit
Kapwurk:Hein Poshumus