It stik
Dokter Pil hat by syn jubileum in reis oanbean krige en sil 4 wike mei de frou fuort, buorman van Dalen en’e frou sille sa lang op it hûs passe. No hat it feest foar dokter gâns mear koste as de kollekte yn it doarp opbrocht hat en van Dalen, dy’t skathâlder fan’e feestkommisje wie, sit mei in tekoart fan sa’n f. 1.500,00. Hy wol besykje dat jild boppe wetter te krijen troch it doktershûs twa wike lang oan fakânsjegongers te ferhieren. Der komme pensjongasten, mar ek Jos, de dochter fan dokter, komt ûnferwachts in pear dagen thús… It seit himsels dat der hiel wat keunstgrepen útfûn wurde om alles yn goede banen te hâlden. De brike sitewaasjes dy’t har foardogge, sille de fleur der by it publyk wol yn bringe.

Spilerslist:
Jan van DalenKees Aartsma
Klaskesyn frouAnnemarie Landman
Klaas van AalstFolkert Faber
Kobesyn frouAnna Marie Huizenga
Josdochter fan dr. VosCarolien van Dijk
Aart Schilperoorthar freonFrans Koster
KlaraHinke Blanksma
Rezjy:Johran Koning
Ynstekster:Jikke Visser
Schmynk:Mint de Hoop en Berber Jorritsma
Ljocht:Laas Kuiken