It stik
It ferhaal spilet him ôf op it plattelân fan Sisilië yn it begjin fan dizze ieu. Omke Simone is in rike, âlde boer. Syn earste frou hat him gjin bern neilitten. Oan wa moat er syn guod, dat er mei in soad muoite byinoar wrot hat, no neilitte? Hy is wer troud mei it earme weesfamke Mita, mar der wolle mar gjin bern komme. Mita is in klein, earber famke, mar har hert giet noch altyd út nei de freon út har bernetiid, Liolà. Liolà is in los wurkman, in fleurige pierewaaier dy’t graach ûnder de rokken fan de famkes sit. En dan ek berntsjes by de rûs makket. Net dat er him fuortwynt foar de gefolgen, mar as it der op oan komt wolle de fammen sa’n earme swankebast dochs leaver net as man. Dan nimt hy de lytskerts mar by him en syn mem yn’e hûs, want hy soe de popkes wol sparje wolle as fûgeltsjes yn in kouwe. En as se letter grut binne, meie se fuortfleane oer Gods ierde, like frij as hy. It stik begjint yn’e tiid fan’e rispinge, by de pleats fan de nicht fan omke Simone, muoike Croce en har dochter Tuzza. Mem en dochter fine it tige spitisch dat it jild fan harren rike omke net yn’e famylje bliuwe kin. En dochter Tuzza hat noch in reden om oergeunstich te wêzen op Mita: hat dy ek noch net in fleurige minner? Alteast sa tinkt sy. Dus no hat Tuzza wat úthelle… Mar yn in doarp bliuwt noait wat lang geheim. Elts tinkt der sines fan…

Klik hjjir foar de foto’s

Rezjy:Mirjam van Baarsen
YnsteksterJikke Visser-Huizinga
De spilers:Nico Schillaci, bynamme Liolà:Anne Kingma
 Simone Palumbo, omke:Lochnaar Kingma
 Muoike Croce Azzari:Anna Marie Huizenga-Bruinsma
 Tuzza, dochter fan muoike Groce:Andrea van der Reijden
 Mita, jongste frou fan omke Simone:Hinka Blanksma-Eringa
 Cármina, bynamme La Moscardina:Anne Marie Landman-Oomen
 Gesa, muoike fan Mita:Margriet van der Molen
 Muoike Ninfa, mem fan Liolà:Saakje van Dijk-Hovenga
 Ciuzza:Trees Kuiken
 Luzza:Heleen Hanje
 Nela:Reina Wouda
 Tinino:Jos Barkman
 Calicchio:Sander Kingma
 Pallino:Geert Huizenga
Smynk:Hilda Kuiken en Dukkie Sinnema
Ljocht/lûd:Edward van der Meer
Oersetting:Metsje Gerlsma en Gerrit Siegersma
Omballingen:Reintsje Boomsma en Gerda van der Kooi