It stik spilet him ôf yn it sikehûs. Wy komme yn ‘e kunde mei Suster de Vries, in tige strange haadsuster. Se is tige senuweftich want ynspektrise Den Blijker komt it sikehûs kontrolearen. Frou den Blijker is hiel fanatyk. Broeder Sebastiaan begeliedt Annabel, de stazjêre, by har earste dagen yn it sikehûs.
Wy komme yn ‘e kunde mei pasjint Peter Otjes, in sûch, dy’t in behanneling foar aambeien ha moat. Syn oerhearskjende frou Agnes bepaalt alles foar him.
Gonda, in folkse frou, leit ek op deselde keamer. Ria, har freondinne, smokkelt gauris sigaretten en drank mei nei binnen en tegearre meie se graach rabje. Dokter Hunk is fan elkenien de favoryt en dêr makket er handich gebrûk fan. Pasjint Marylene is ûnder it mes west. Foar deaplakjes seit se, mar elkenien wit; alles is glêdstrutsen. Har operaasje is allinnich net hielendal goed gongen. Dat soarget foar in hilarysk en skokkend ein. En eigentiidske en flot skreaune sikehûs komeedzje!

Klik hjir foar de foto’s

Rolferdieling 
Suster de VriesReina de Boer
SebastiaanOebele Harmsma
AnnabelMirte Gaastra
Dokter HunkFoppe Sinnema
Frou den Blijker:Lucy de Graaf
Peter OtjesTjeerd Tijsma
Agnes OtjesDjoke de Graaf
GondaPietsje Jongma
MaryleneSytske Faber
RiaDirkje den Hartogh
Meiwurkers
Rezjy:Hester de Vries en Oane Jansen
Ynstekker:Lochnaar Kingma
Lûd en ljocht:Dirk Gillebaard en Niels Gaastra
Smink:Nynke Bruinsma en Anna Marie Bruinsma
Dekor:Oebele Harmsma, Lochnaar Kingma en Jelmer Kooistra
Klean en omballingen:Gerbrich de Jong en Gerda Bonsma
Grafyske foarmjouwing:Tjeerd Tijsma
Social media:Gerard de Vries

Werom nei Stikken